Minderjierrige autofernielers oanhâlden yn Drachten

30 mrt 2016 - 09:40

De plysje yn Drachten hat tiisdeitejûn let twa jonges fan 16 jier oanhâlden, dy't op De Meent ferskate auto's fernield hiene. Tsjûgen koene ien fan de jonges oanhâlde. De twadde fernieler waard efkes letter troch de plysje op it Noarderend oppakt.

De fernielers sitte noch fêst foar fierder ûndersyk. De plysje freget tsjûgen en eigeners fan fernielde auto's om harren te melden en oanjefte te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)