Minderjierrich famke wurdt net goed op Ruterskertier

17 apr 2015 - 10:41

De plysje yn Ljouwert is tongersdeitenacht oproppen foar in minderjierrich famke dat net goed waard op it Ruterskertier. Nei alle gedachten hie se tefolle alkohol hân. Se is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Op it Ruterskertier waard letter dyselde nacht in 21-jierrige Ljouwerter oanhâlden. Hy mocht de kroech net yn omdat er in hoarekaferbod hie. En yn rekreaasjegebiet De Griene Stjer is tongersdeijûn in 27-jierrige Ljouwerter oanhâlden. Hy lei foar pampus op de grûn. De man koe him net legitimearje. Hy is meinaam nei it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)