Minderheden yn Feanwâlden

26 jul 2009 - 17:20

Yn totaal 32 persoanen út acht ferskate lannen dogge dizze wike mei oan in ynternasjonale útwiksel yn It Bûtenfjild yn Feanwâlden. De útwiksel wurdt organisearre troch de jongereinferiening Frysk Ynternasjonaal Kontakt, it FYK.

Yn Feanwâlden binne tsien minderheden by inoar. Under oare binne te gast de Bretonnen út Frankryk, de Aroemenen út Masedonië, de Kasjoeben út Poalen en de Denen út Dútslân. Se dogge mei oan in program mei learsume ûnderdielen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)