Mindere dei Pieter-Jan Postma

28 aug 2009 - 19:20
  • Pieter-Jan Postma (foto: Kamen Kovachev)

Pieter-Jan Postma hat op de foarlêste dei fan it Europeesk kampioenskip silen yn de Finn in fjirtjinde en in trettjinde plak helle. It wie foar de siler út Terkaple dreech op de Swarte See by Varna: koarte hege weagen mei maksimaal fiif knopen wyn. Yn it klassemint bliuwt Postma mei 73 punten op it sechsde plak. De Kroäat Ivan Gaspic is mei 28 punten al kampioen.

Sneon sylt Postma mei de bêste tsien fan it klassemint de medaljeace. Der is noch in lytse kâns op it poadium.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)