Minder ynstjoerings reklamepriis

02 feb 2005 - 10:45

Der binne dit jier foar it earst minder ynstjoerings foar de Fryske reklamepriis. Dy priis is foar it bêste reklameboadskip yn de Fryske taal op radio en televyzje.

By de radio is it ferskil it grutst: ferline jier wiene dêr 89 ynstjoerings tsjin 51 dit jier. De delgong by radio is opfallend, want der docht dit jier foar it earst ek in oare omrop mei as allinne Omrop Fryslân. Waterstad FM hat sân radioreklames ynstjoerd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)