Minder ynskriuwings hegeskoallen

26 jul 2002 - 00:00

De hegeskoallen yn Ljouwert hawwe dit jier wer minder ynskriuwings fan nije studinten as ferline jier om dizze tiid hinne. Foar de CHN jildt in ôfname fan 10 persint. Foar de NHL is dat 6 persint. Foar it Van Hall ynstitút jildt sels in ôfname fan 15 persint.

Studinten skriuwe har hieltyd letter yn. Foar de skoallen betsjut dat in soad ekstra drokte op it lêste momint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)