Minder wurksykjenden

17 jun 2010 - 10:45

De delgong fan it tal wurksykjenden yn Fryslân set fierder troch. Dat docht bliken út de lêste sifers fan útkearingsynstânsje UWV. De ôfrûne moanne is de wurkleazens mei dik trije persint nei ûnderen gien.

Der stean no goed 21.000 wurksykjenden ynskreaun by it UWV Wurkbedriuw yn Fryslân. Dat binne der sânhûndert minder as yn april. Yn fergelyk mei maaie 2009 is it oantal wurkleazen tanaam mei dik tsien persint. Doe wiene der goed 19.000 wurkleazen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)