Minder wurkleazen yn Fryslân

17 mrt 2011 - 10:39
  • Foto: Omrop Fryslân

De wurkleazens yn Fryslân is it ôfrûne jier licht fermindere. It giet om in ôfname fan 1,6 prosint. Yn 2009 sieten 23.353 minsken sûnder baan en yn 2010 wiene dat 23.176. Yn 'e moanne febrewaris daalde it tal wurkleazen mei 0,2 prosint.

De sifers komme fan it UWV, it Uitvoeringsinstituut Werknemersverzekeringen. Dat regelet de útkearings. Lanlik daalde it tal wurkleazen mei 5,7 prosint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)