Minder wurkleazen yn Fryslân

21 jul 2009 - 11:10

It oantal wurkleazen yn Fryslân is de lêste moanne mei 281 sakke fan 19.168 nei 18.887, in omleechgean fan 1,5 prosint. Oer in hiel jier sjoen naam de wurkleazens ta fan 16.696 yn juny 2008 nei 18.887 yn juny dit jier. Dat docht bliken út sifers fan it wurkbedriuw UWV.

Yn Ljouwert wiene ferline jier noch 3897 wurkleazen ynskreaun. Dat tal sakke it lêste jier nei 3873. Lanlik stiene ein juny 477.253 wurkleazen ynskreaun. 2008 wiene dat noch 420.023.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)