Minder wurkleazen yn Fryslân

20 nov 2008 - 10:24

De wurkleasheid yn Noard-Nederlân nimt noch hieltyd ôf. Ein oktober stiene der by de Centra voor Werk en Inkomen yn de trije noardlike provinsjes goed 49 tûzen wurksykjenden ynskreaun. Dat is hast 14 prosint minder yn fergelyk mei oktober 2007.

Yn Fryslân sakke it tal wurkleazen mei hast 15 prosint. Yn Noard-Nederlân is no 6,5 prosint fan de beropsbefolking wurkleas. Lanlik is dat 5,4 prosint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)