Minder wurk foar Yunio

22 nov 2004 - 14:37

Kream- en tússoarchorganisaasje Yunio yn Ljouwert is in grutte opdrachtjouwer kwytrekke. Soarchfersekerder Agis hat per 1 jannewaris it kontrakt mei Yunio opsein. Agis soarge foar fyftich persint fan it wurk foar de kreamôfdieling fan de organisaasje.

Yn totaal wurkje der no noch hûndert minsken by Yunio. It bedriuw seit dat it op syk is nei in oplossing foar it persoaniel dat derút moat, mar wol fierder gjin taljochting jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)