Minder wurk foar transporteurs

06 des 2001 - 00:00

Fryske transporteurs ha minder te dwaan troch de oanslaggen yn Amearika op 11 septimber. As gefolch fan dy aksjes giet it mei de ekonomy minder en it ferfier oer de dyk merkt dêr de gefolgen fan. Fryske ferfierders ride foaral op Dútslân, it lân dêr't de ekonomy it hurdst achterút giet. As de delgong oanhâldt, sil de transportsektor de kosten trochberekkenje moatte oan de klanten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)