Minder winst foar Sligro

22 jan 2009 - 08:36
  • Winst Sligro goed 71 miljoen

Gruthannel- en supermerkbedriuw Sligro hat yn 2008 in nettowinst behelle fan goed 71 miljoen euro. Dat is 3 miljoen euro minder as yn 2007. Sligro docht gjin útspraken oer de ferwachtings foar dit jier. De ûndernimming tinkt wol dat de kredytkrisis fan ynfloed wêze sil op de winst.

It bedriuwsresultaat fan Sligro oer 2008 kaam út op 99 miljoen euro. Yn jier earder wie dat noch 97 miljoen euro. Sligro hat yn Fryslân festigingen yn Ljouwert en Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)