Minder winst foar Sligro

19 jul 2012 - 07:54
  • Sligro yn Ljouwert

Gruthannel Sligro hat syn winst yn de earste helte fan dit jier flink nei ûnderen gean sjoen. It bedriuw, dat ek fêstigings yn Drachten en Ljouwert hat, helle in resultaat fan 26 miljoen. Dat is rom 22 prosint minder as yn deselde perioade ferline jier. Neffens Sligro leit de oarsaak yn it feit dat konsuminten minder útjouwe oan iten en drinken.

It bedriuw, dat ek eigener is fan in tal supermerken, ferwachtet oer it hiele jier 65 miljoen winst te meitsjen, tsjin 78 miljoen ferline jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)