Minder winst foar Royal A-ware oer 2014

20 aug 2015 - 15:00

Tsiisprodusint Royal A-ware, mei in tsiisfabryk op It Hearrenfean, hat ferline jier de helte minder winst makke as it jier derfoar. It bedriuw koe fjouwer miljoen byskriuwe. Der waard wol in bytsje mear omset. Dat de winst ôffalt, komt trochdat der druk stiet op de tsiismerk, mar ek trochdat A-ware in soad ynvesteard hat, ûnder oare yn it fabryk op It Hearrenfean.

Undanks de minder goeie resultaten is de direksje tefreden, dy hie wol rekken hâlden mei dizze sifers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)