Minder winst foar ôffalferwurker

28 apr 2006 - 15:52

Afvalsturing Friesland hat yn 2005 de helte minder winst makke as yn 2004. Dat docht bliken út de jierrekken. It bedriuw ferwurket hûshâldlik ôffal.

Afvalsturing Friesland wol 10 fan de 11 oerslachstasjons foar de ferwurking fan húshâldlik ôffal yn de provinsje slute. Allinne it stasjon yn Ljouwert soe noch iepen bliuwe. De ôffalferwurker tinkt sa in besuniging fan oardel miljoen euro realisearje te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)