Minder winst foar FCDF

04 mrt 2004 - 00:00

Friesland Coberco Dairy Foods hat it dreech. Troch de prizeslach en legere molkprizen is de nettowinst ferline jier mei 33 prosint ôfnommen. Ek foar dit jier is it suvelkonsern somber. By de presintaasje fan de jiersifers waard tongersdei bekend makke dat de omset mei trije prosint ôfnommen is oant 4,6 miljard euro.

By it bedriuw dat de produkten Frico, Friesche Vlag en Appelsientje makket, draaie fabriken sân dagen yn de wike.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)