Minder útwreiding fan kassen by Seisbierrum

21 jan 2015 - 09:42
  • De kassen fan Hartman by Seisbierrum

It glêstúnbouprojekt Waddenglas past syn ambysjes oan. Doel wie it kassegebiet by Seisbierrum mei 200 bunder út te wreidzjen. It giet lykwols al in tal jierren min yn de glêstúnbou en der blykt gjin belangstelling foar te wêzen.

De stjoergroep achter it projekt stelt no foar om mar in tredde fan it oarspronklike plan út te fieren. De dielnimmende partijen moatte dêr noch wol oer beslute. Op dit stuit is der sa'n 50 bunder oan nije kassen realisearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)