Minder ûntslaggen by Post NL

17 maaie 2013 - 15:14

By Post NL yn Fryslân falle minder ûntslaggen as earst tocht waard. Fan heal july ôf ferdwine 58 banen fan postrinners op de briefpostôfdieling. Yn Ljouwert gean 48 banen ferlern. Op It Hearrenfean giet it om tsien wurkplakken.

It tal ûntslaggen is folle leger as earder oankundige. Yn stee fan 1000 oeren giet it yn Ljouwert om 766 oeren, op It Hearrenfean giet it net om 810 oeren, mar om 191. It legere tal komt trochdat in soad meiwurkers al oar wurk fûn hawwe of oars sels fuortgien binne. Foar de ûntsleine minsken is der in sosjaal plan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)