Minder trochlisferwûnings yn MCL

24 nov 2006 - 10:59

It oantal gefallen fan trochlizzen yn sikehûs MCL yn Ljouwert rint werom. Dat docht bliken út in ûndersyk dat op 26 septimber hâlden waard. It giet om in momintopname fan alle pasjinten dy't op dy dei yn it sikehûs wiene. It lanlike sifer leit op 7,3 prosint. Yn it MCL is dat 7,2 prosint.

It MCL hat ynvestearre om it tal gefallen fan trochlizzen werom te bringen. Der binne der ûnder oaren trainingen organisearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)