Minder treinen nei Grins

13 aug 2012 - 15:28

In diel fan it spoar tusken Ljouwert en Grins wurdt de kommende wiken foar in part fernijd. It giet om 14,5 kilometer. Fan dit wykein oan begjin septimber ta ride der minder treinen. By it wurk heart ek dat acht spoaroergongen ôfsletten wurde foar auto's en fytsers.

Spoarbehearder ProRail neamt it wurk in mega-operaasje dy't sechstjin dagen duorret.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)