Minder sûkerbiten

24 sep 2007 - 14:10
  • Dit jier is der in legere risping fan sûkerbiten

Boeren op de klaai yn Fryslân ha dit jier in legere risping fan sûkerbiten. Der binne ek grutte ferskillen trochdat it iene stik lân folle mear of minder wetter krigen hat as it oare.

Moandei is de bitekampanje úteinset mei de bekende gefolgen foar it ferkear. Dêr binne maatregels tsjin nommen lykas boerden dy't minsken op 'e dyk warskogje foar klaai op 'e dyk en slipgefaar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)