Minder subsydzje Tromp-Hoeve

23 apr 2003 - 00:00

It tsjinstesintrum de Janke Tromp-Hoeve yn Warns krijt yn de takomst folle minder subsydzje fan de gemeente Nijefurd. It sintrum dat dei-opfang foar âlderen en in tafeltje-dekje service oanbiedt, krige sawat 54.000 euro per jier. Dêr giet de helte ôf. De personiele besetting moat ek omleech. It bestjoer fan de Janke Tromp-Hoeve is no benaud dat de foarsjennings foar âlderen yn Warns yn 'e knipe komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)