Minder studinten foar NHL

18 jul 2000 - 16:04

De Noardlike Hegeskoalle yn Ljouwert hat oant no ta 15 prosint minder ynskriuwings foar it takom skoaljier. Dat betsjut 300 minder studinten foar de skoalle. Yn fergelyk mei bygelyks de CHN is dat in skriklik heech oantal.

De CHN hat 2 prosint minder oanmeldings. By Van Hall is sels sprake fan in groei fan 5 prosint. De NHL hat gjin ferklearring foar dat grutte ferskil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)