Minder straf yn heger berop

26 nov 2004 - 10:08

De jonge (19) út Wâlterswâld dy't beskuldige waard fan it tarieden fan in oanslach foarich jier op it Dokkumer azc, is dêr fan frijsprutsen. Yn heger berop oardiele it gerjochtshôf dat de jonge mei freonen wol in oanslach fan doel wie, mar dat er him op 'e tiid weromlutsen hat.

De jonges hiene materiaal foar molotov- cocktails yn 'e hûs mar ha dy nea yn elkoar set. De man krijt wol 120 oeren wurkstraf foar it smiten fan stiennen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)