Minder stimburo's yn grutte Fryske gemeenten mei referindum

16 feb 2016 - 14:56
  • It stimburo yn Drachten

By it Oekraïne-referindum yn april binne yn de gemeenten Súdwest-Fryslân, Ljouwert en Smellingerlân minder stimburo's beskikber as by de Provinsjale Steateferkiezings yn 2015. Dat docht bliken út in enkête fan de NOS dêr't 311 fan de 390 Nederlânske gemeenten oan meiwurken.

Yn Súdwest-Fryslân geane sechtjin stimburo's minder iepen, dat is hast 23 persint. Yn Ljouwert is dat der ien (mar dat wie in ekstra stimburo), yn Smellingerlân binne it der trije. By de oare gemeenten yn Fryslân bliuwt it oantal beskikbere stimburo's gelyk.

Eaststellingwerf en De Fryske Marren hawwe net meidien oan de enkête fan de NOS.

It referindum giet oer it assosjaasjeferdrach dat de EU sletten hat mei Oekraïne. Neffens foarstanners giet it ferdrach benammen om ekonomyske gearwurking, tsjinstanners sizze dat it ferdrach in earste stap is nei in Europeesk lidmaatskip fan Oekraïne en foar problemen mei Ruslân soargje sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)