Minder stimburo's iepen yn Ljouwert by Oekraïne-referindum

02 des 2015 - 20:43
  • It stimburo yn it Fries Museum op it Saailân

By it Oekraïne-referindum yn april sil de gemeente Ljouwert fiif stimburo's minder iepenje. Op drokke lokaasjes binne oars wolris twa buro's iepen, mar no mar ien, om't de gemeente minder minsken ferwachtet. Oare gemeenten hâlde itselde oantal stimburo's iepen as by oare ferkiezings.

Gemeenten kieze om alle lokaasjes te behâlden, om't se alle minsken de kâns jaan wolle om te stimmen oer de mooglike gearwurking mei Oekraïne. It referindum is betocht troch GeenPeil dat 472.000 hantekeningen ophelle om it trochgean te litten.

Underwerp fan it referindum is de assosjaasje-oerienkomst mei Oekraïne. It is de earste kear sûnt 2005 dat de befolking him oer de takomst fan de EU útsprekke kin. Op syn minst 30 prosint fan de minsken dy't stimme meie, moatte dat dwaan om it referindum telle te litten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)