Minder startende ûndernimmers

16 mrt 2009 - 14:36

It tal startende ûndernimmers yn it noarden is begjin dit jier mar in bytsje sakke neffens deselde perioade ferline jier. Dat docht bliken út sifers fan de Keamer fan Keaphannel.

It tal is mei fiif prosint sakke oant 2000 minsken. En dat is best in soad yn in perioade dat it minne ekonomyske nijs je om 'e earen fleant. Yn hiel Nederlân is it tal starters mei 11 prosint werom rûn. Ek binne der lanlik folle mear ûndernimmers dy't der hielendal mei ophâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)