Minder staazjeplakken yn bou

25 aug 2010 - 20:17

No't it oantal bouprojekten weromrint, wurdt it foar learlingen yn de bou yn Noard-Nederlân hieltyd dreger om in staazjeplak te finen. Yn guon gefallen kinne se harren oplieding om dy reden net ôfmeitsje.

Ien fan de redenen wêrom't bouprojekten net trochgean, is lange prosedueres. Dêrom freget de Noordelijke Regieraad Bouw yn in brânbrief oan gemeenten om burokratyske obstakels by it ferlienen fan in boufergunning fuort te heljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)