Minder Solar Challenge-teams

07 feb 2014 - 19:50

Der dogge dit jier minder sinneboatteams mei oan de Energy Solar Challenge. Dat waard freedtemiddei dúdlik by de teampresintaasjes dy't holden waarden op de beurs Boot Holland yn it WTC-Expo. Foar de fyfde edysje hawwe har 35 ynternasjonale teams ynskreaun. Earder wie dat tal fier boppe de 40. Wol hawwe de dielnimmers fan no bettere boaten en wurkje se profesjoneler.

De Energy Solar Challenge 2014 wurdt hâlden fan 28 juny oant en mei 5 july. De start is foar it earst net yn Ljouwert, mar yn De Blauwe Stad yn East-Grinslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)