Minder smoargens yn konteners

12 jul 2010 - 16:40

Ynwenners fan Fryslân hawwe ferline jier krekt wat minder smoargens yn de kontener smiten as ferline jier. Dat komt oerien mei de jongste sifers fan it sintraal planburo foar de statistyk, foar hiel Nederlan.

Neffens wurdfierder Margriet Dankert fan Omrin is der minder smoargens, omdat der hieltyd better skieden wurdt. Saken dy't oars yn de kontener bedarren, komme no miskien wol by de kringloopwinkel terjochte. Mar der is noch romte foar ferbettering.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)