Minder smoargens op it wetter

13 okt 2008 - 14:16

Rekreaasjeskip De_Marrekrite fynt hieltiten minder smoargens by harren lisplakken. Dat die sneon bliken by in himmeldei yn it gebiet om Grou hinne. Sa´n tweintich frijwilligers wiene dêr yn it spier om yn oparbeidzjen mei de miljeuboat fan Boarnsterhim it smoargens by de lisplakken fuort te heljen.

Nei oeren wurk wie de rispinge mar fiif jiskepûden fol. Yn it ferline wiene dat wol in stikmannich konteners.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)