Minder skriezen yn Nederlân

23 jan 2001 - 11:41

It giet hieltyd minder mei de skries. De 'grutto' roppende fûgel hat net sa folle briedpearkes mear yn Nederlân. It tal is yn tsien jier mei de helte omleech gong.

De delgong is dramatysk foar de wrâldpopulaasje omdat mear as de helte fan alle skriezen yn Nederlân briedt. No presys in jier lyn, luts it Bûn fan Fryske Fûgelbeskermingswachten al by it LNV oan de bel oer de situaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)