Minder skea Smellingerlân

06 jan 2011 - 16:04

De skea fan âldjiersnacht yn Smellingerlân wie dit jier flink minder as oare jieren. Der waard foar goed 18.500 euro fernield oan gemeentlike eigendommen. Fiif jier lyn wie dat noch 260.000 euro.

Neffens de gemeente komt dat troch de goede gearwurking tusken plysje, brânwacht, hoareka, gemeente en oare partners. It meielkoar opstelde draaiboek foar de jierwiksel docht fertuten. De sfear wie neffens de gemeente dit jier hiel gesellich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)