Minder sekstoerisme oan A6

27 maaie 2008 - 11:46
  • In bewakingsauto kontrolearret

De oerlêst fan sekstoeristen op de parkearplakken De Lanen en Ûlesprong oan de A6 is aardich minder wurden. Op dy plakken wurdt no it grien snoeid sadat better te sjen is wat der bart. Boppedat wurdt by Ûlesprong geregeld kontrolearre troch in befeiligingsbedriuw.

Ferline jier kamen der nochal wat klachten binnen fan minsken dy't lestichfallen of sels achterfolge waarden troch minsken dy't út wiene op seks.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)