Minder ryksstipe foar noarden

05 okt 2004 - 13:13

It noarden moat nei 2006 mei de helte minder ryksstipe ta. De regearingspartijen yn 'e Twadde Keamer komme mei in moasje, dy't it noarden yn fjouwer jier tiid 120 miljoen euro taseit, de helte minder as no.

Dy tritich miljoen yn't jier moat brûkt wurde om it noarden better oan te sluten op de saneamde kennisekonomy. De noardlike bestjoerders moatte tefreden wêze mei dit kompromis, sa seit Twadde Keamerlid Jan Jacob van Dijk(CDA).

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)