Minder rjochtsaken Waadfiskjen

04 jun 2009 - 08:50
  • Minister wol bettere juridyske beskerming fan fiskers op it Waad

It wurdt foar natuerklups dreger om te prosedearjen tsjin fergunningen foar it fiskjen op it Waad. Dat hat minister Verburg fan Natuer bekend makke. Verburg docht dat op foarstel fan de SGP en ChristenUnie.

Dy fregen de minister om maatregels neidat de rjochter de fangstrjochten fan mokselsiedfiskers beheinde nei klachten fan de Faunabeskerming. De minister wol no in bettere juridyske beskerming fan fiskers op it Waad.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)