Minder regels monuminten

29 sep 2009 - 12:17

It is op himsels goed dat eigners minder lêst krije fan regels en administraasje by it restaurearjen fan monuminten. Mar as der te min tafersjoch komt, kinne monuminten ek skea oprinne dy't net mear wersteld wurde kin. Dat is de reaksje fan de monumintewacht Fryslân op it nije belied dat minister Ronald Plasterk fan ûnderwiis en kultuer ynfiere wol.

Plasterk wol de prosedueres ienfâldiger meitsje, mar ek in part fan de regels ôfskaffe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)