Minder regels foar huzebou

07 nov 2002 - 00:00

As it oan it demisjonêr kabinet leit dan meie plattelânsgemeenten aanst sels bepale wêr't se hûzen bouwe wolle. Dêrby moatte de gemeenten net te folle lêst ha fan grinzen en regels. Net it Ryk mar de provinsje moat der op tasjen dat it plattelân net folboud wurde sil.

De plannen komme fan VVD-minister Kamp fan Romtlike Oardening. De provinsje is bliid dat der mear rûmte komt foar huzebou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)