'Minder rap ride op rotonde'

03 jan 2003 - 00:00

In fly-over oer it ferkearsplein op De Jouwer hoecht net. Dat seit Bonte fan Rykswettersteat. Neffens him hat de drokte op de rotonde te krijen mei de faasje fan de automobilisten.

Boargemaster Kuiper pleite foar in soarte fan fiadukt om it drokke ferkearsplein te ûntlêsten. It probleem is neffens Bonte oplost as elkenien him oan de tastiene 50 kilometer yn de oere hâldt. Dan kinne bestjoerders út Snits en De Jouwer ek maklik it plein opride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)