Minder postsortearsintra ticht

25 feb 2013 - 17:09

Post NL slút in stik minder sortearsintra as it bedriuw earder woe. Boppedat ferlieze minder postrinners har baan. Dat is by de presintaasje fan de jiersifers bekend makke. Yn eardere plannen stie dat fan de 300 post- en pakketsortearsintra yn Nederlân njoggen oerbliuwe soenen. It Hearrenfean soe dan de iennige wêze yn Fryslân. Mar dy plannen binne no fan de baan.

It tal sortearsintra wurdt
lanlik net fierder ynkrompen as 125. Yn Fryslân binne no noch sokke sintra yn Ljouwert (twa), It Hearrenfean, Frjentsjer en Snits.

Hoe't it it mei dy sintra yn Ljouwert, It Hearrenfean, Frjentsjer en Snits komt, is noch net wis. De tafaller foar de postboades betsjut net dat de reorganisaasje minder yngripend wurdt. Op oare plakken lykas by staffunksjes, de kommersjele ôfdieling en it haadkantoor sille flinke ekstra klappen falle. Uteinlik heft Post NL sawat trijetûzen banen op. Hoefolle banen en sortearsintra oft yn Fryslân oerbliuwe, is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)