Minder pasjinten nei Sionsberg

07 aug 2014 - 20:15

It tal pasjinten fan sikehûs De Sionsberg yn Dokkum rint tebek. Dat meldt soarchgroep Pasana, dêr't de Sionsberg ûnder falt. Troch de ôfname fan pasjinten stiet de eksploitaasje fan De Sionsberg ûnder drok. Pasana ûndersiket op it stuit hoe't dat oplost wurde kin.

Op sosjale media gongen al geruchten dat De Sionsberg tichtgean soe, mar Pasana giet dêr foarearst noch net fan út. Wol hopet dy op 1 jannewaris mear dúdlikens te hawwen oer de oplossing. Dêryn wurdt ek sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten belutsen. De twa sitte middenyn in fúzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)