Minder oplaach Fryske kranten

05 jul 2006 - 11:30

De oplaach fan beide Fryske kranten is yn it earste fearnsjier opnij weromrûn. Fan it Friesch Dagblad ferskynden dik 600 kranten minder. It FD komt dêrmei op in oplaach fan 18.382, en bliuwt de lytste krante fan Nederlân.

De oplaach fan de Ljouwerter Krante rûn mei goed 4.000 eksimplaren werom, nei 103.077. De sifers komme fan it HOI, in ûnôfhinklik ynstitút dêr't alle deiblêden by oansletten binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)