Minder opbringst OPA yn Snits

29 des 2012 - 13:37
  • Ald papier

De Snitser Ald Papier Aksje OPA hat dit jier sa'n 10 persint minder papier ophelle as oars. Neffens foarsitter Henk van der Kamp fan de âld-papier-ploech fan de Snitser tsjerken kin OPA dúdlik fernimme dat it krisis is. Bedriuwen en partikulieren hawwe minder âld papier om fuort te jaan. It bedriuw rekke ek in pear grutte klanten kwyt, trochdat bedriuwen ferhuzen of tichtgiene. Minder papier betsjut dat OPA sa'n 3500 euro achterútbuorket en sadwaande ek minder jild fuortjaan kin oan goeie doelen lykas de Snitser hospice en de needhelp.

De 38 frijwilligers fan OPA geane yn 2013 gewoan troch mei har wurk. De âld-papier-aksje bestiet al sûnt 1976 en is goed bysteat om de eigen broek op te hâlden, sa seit foarsitter Van der Kamp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)