Minder online banen

09 okt 2012 - 12:05
  • Site fan Monsterboard

It online oanbod fan banen yn Fryslân is yn septimber nei ûnderen ta gien. Dat hat de fakatueresite Monsterboard bekend makke. Dy ûndersiket alle moannen it oanbod fan banen op ynternet.

Yn Fryslân is it oanbod it measte sakke yn fergelyk mei de rest fan Nederlân. It tal banen yn 'e soarch gie it measte nei ûnderen, folge troch transport en logistyk. Yn oare sektoaren lykas ûnderwiis, hoareka en toerisme naam it oanbod oan banen op ynternet ek ôf. Opfallend is dat it tal online banen yn de provinsje Seelân wol omheechgien is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)