Minder oerlêst yn Snits

26 feb 2009 - 14:52

It groepsferbod dat yn 2007 ynsteld is, hat in posityf effekt hân. Dat docht bliken út in evaluaasje fan de plysje en út ûndersyk fan riedsleden Henk Jan Greven (CDA) en Lieuwe van der Pol (Christenunie) fan ´e gemeente Snits.

Ut it ûndersyk docht bliken dat de helte fan ´e omwenners minder oerlêst hat. Wol is der no mear oerlêst op it Skieppemerkplein yn Snits. De gemeente besiket mei bettere ferljochting dat probleem op te lossen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)