Minder oanfier mar mear omset

04 jan 2006 - 08:03

De oanfier op de fiskôfslach fan Lauwerseach is ferline jier ôfnommen, mar de omset is wol heger. Mei inoar gie der 23 miljoen om op de ôfslach, in miljoen mear as it jier dêrfoar.

It earste fearnsjier fan 2005 seach der troch it minne waar en de weromrinnende oanfier fan fisk noch hiel min út. Doe is der hurd wurke oan ferbettering. De fiskôfslach wol yn de takomst oars wurkje. Sa moat it mooglik wurde om garnalen te seven en kisten te spielen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)