Minder nijbou yn NW-Fryslân

05 apr 2012 - 12:04
  • Bou

Yn Noardwest-Fryslân wurde de kommende tiid folle minder nije huzen boud. Wat der al nij bykomt, komt benammen op frijkommen romte op besteande lokaasjes, de saneamde ynwreiding. Dat is de kearn fan in wenfyzje dy't de gemeenten It Bilt, Ferwerderadiel, Frjentsjerteradiel en Harns meielkoar opsteld hawwe. De gemeenterieden sille it stik de
kommende tiid beprate. Yn Frjentsjerteradiel is dat al dien.

Der binne op it stuit tefolle bouplannen. Dy wurde op elkoar ôfstimd, sadat it tal nijbouwenten op in realistysk tal útkomt.

Yn stee fan útwreiding, dus nije wiken op nije plakken, fynt no it saneamde 'ynwreiding' plak. Yn Frjentsjer is it tal huzen yn it nijbouplan 'Franeker Buiten' bygelyks fermindere fan 625 nei 350.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)