Minder nijbou yn Nijefurd

20 jul 2010 - 14:25

De gemeente Nijefurd wol minder nije huzen bouwe en mear jild stekke yn besteande bou. Troch de fergrizing is der minder ferlet fan nijbou.

De gemeente wol hûsbesitters derta oansette om de kwaliteit fan it hûs op peil te hâlden of te ferbetterjen. Nijefurd wurket dêrby gear mei wenningkorporaasjes, soarchynstellings en maatskiplike organisaasjes. Wat de kommende tiid mei de hûzefoarried yn 'e gemeente barre moat, stiet yn it Konsept Wenplan 2010-2020.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)