Minder nijbou nedich as tocht

29 okt 2003 - 00:00

Fryslân hoecht minder nije wenten te bouwen as yn 2000 rûsd waard. Dat docht bliken út 'e trendprognoaze fan 'e provinsje. Yn 2010 binne 4000 minder nijbouhuzen nedich as earder tocht.

De provinsje wol it definitive tal no noch net ferleegje. Dat bart earst as de prognoaze oer ien of twa jier noch hieltyd leger is as tocht. Foar de prognoaze wurdt sjoen nei it tal ynwenners en it tal lytse poppen. Oer sawat 20 jier gean dy it hûs út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)